Boek fan Taliesin

faksimilee, folio 13

It Boek fan Taliesin (Welsk: Llyfr Taliesin; Ingelsk: Book of Taliesin) is ien fan de âldst bewarre blaune Welske manuskripten. It datearet út de earste helte fan de 14e iuw en de Nasjonale Bibleteek fan Wales yn Aberystwyth hat it op 'e noed. It manuskript, dêr't in stikmannich blêden (folio's) fan misse, ûnder oaren it earste, is bekend ûnder de namme Peniarth MS 2.[1]

It werk bestiet út in samling (lof)gedichten yn it Welsk, dêr't de measte fan oan de dichter Taliesin (twadde helte 6e iuw) taskreaun wurde. Foaral it wurk fan Taliesin sil oarspronklik yn it Kumbrysk dialekt fan Hen Ogledd, 'It Noarden' skreaun wêze. Oare gedichten, sa as de elegyën, binne ûntliend oan Latynske teksten of oan de Britske tradysje. Opfallend binne de ferwizingen nei Kening Arthur, dy't ek foarkomme yn it Swarte boek fan Carmarthen. It manuskript hat ek de âldste fernijingen yn it Westelik taalgebiet fan de heldedieden fan Herakles en Aleksander de Grutte.

  1. [1] Llyfrgell Genedlaethol Cymru - National Library of Wales : Book of Taliesin

Developed by StudentB